Beijing Schmidt CCD Asteroid Program

SCAP waard útfierd op it Ksinglong Stasjon fan BAO

It BAO Schmidt CCD Asteroid Program of Beijing Schmidt CCD Asteroid Program (SCAP) wie in projekt organisearre troch it Beijing Astronomysk Observatoarium en finansiere troch de Sineeske Akadeemje fan Wittenskippen yn de jierren 1990. It sykprogramma hie as doel om planetoïden en oare objekten yn de romte te finen, bygelyks ek ierdsjitters.

Fan 1995 oant 1999 ûntduts SCAP ien komeet, 2.460 nije asteroïden en waarden 43.860 oare asteroïden observearre, sadwaande wie it de op fjouwer nei grutste asteroïde-ûntdekker fan dy tiid. Fiif fan dy objekten binne asteroïden yn de buert fan de Ierde, dêr't twa fan as potinsjeel gefaarlik beskôge wurde. Yn 2002 waard ein asteroïde tichtby de Ierde, by de Moanne, ûntdutsen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy